Stakers Prins Dokkum lulk

19 mrt 2013 - 06:47

By fangrailfabryk Prins Dokkum is tiisdei tusken healwei achten en healwei njoggenen aksjefierd by de poarte. De stakers en it fakbûn FNV binne lulk, omdat dit wykein de spandoeken fan it stek helle binne. De spandoeken binne trije wike lyn troch de froulju fan de wurknimmers ophongen om har manlju by te stean.

It fakbûn hat ek konstatearre dat in frjemde heftruck ynsetten wurdt troch de direksje om wurk oer te nimmen. Oar wurk fan de stakers is oernommen ek troch "ûnderkrûpers", sa't it fakbûn se neamt.

It wie de njoggende stakingsdei by Prins Dokkum en de sfear wurdt hyltyd grimmitiger. It fangrailfabryk wurdt bedrige mei sluting. De direksje fan it Noarske oerkoepeljende bedriuw Saferoad wol it wurk oerbringe nei bedriuwen yn Dútslân en Poalen. By Prins Dokkum wurkje 34 minsken.

Trefwurden: 
staking FNV Prins Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)