Artikel VI Hearrenfean útsteld

18 mrt 2013 - 23:53

It stik yn de Voetbal International, wêryn SC Hearrenfeandirekteur Robert Veenstra syn belied by de klup taljochtet, is útsteld. Dat seit haadredakteur fan VI Johan Derksen. Der soe in mieningsferskil wêze oer wat der allegear yn it stik komme moat. Derksen seit yn it tv-programma Voetbal International dat hy der hielendal klear mei is en dat de rjochter der mar nei sjen moat.

Hearrenfean en Veenstra hiene it fuotbalblêd en Johan Derksen ferline wike foar de rjochter dage fanwege in artikel yn de VI. Dêryn stie dat Veenstra sjoemele hat mei sifers by SC Hearrenfean. It is noch net dúdlik oft SC Hearrenfean it koart pleit trochsette sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)