''Noch mear Ryksmonuminten''

18 mrt 2013 - 23:23

Op de nije list fan 89 nei-oarlochske Ryksmonuminten dy't moandei presintearre is, ûntbrekke in pear belangrike Fryske bouwurken. It âlde gebou fan de wetterlieding oan it Saailân en de provinsjale biblioteek oan de Boterhoek yn Ljouwert hiene der seker op moatten. En dat jildt ek foar it stasjontsje fan Hurdegaryp. Dat fynt de erfguodferiening Heemschut. De feriening hat de lêste jierren tal fan advizen jûn oan de minister en is teloarsteld dat dy net opfolge binne.

Heemschut warskôget dat nei-oarlochske monuminten eins fûgelfrij binne. Regelmjittich wurde der gebouwen sloopt, dy't kenmerkend wiene foar in bepaalde perioade. Heemschut hopet dat Fryske gemeenten de gebouwen dochs noch beskermje, bygelyks troch oanfoljende regels yn it bestimmingsplan.

Trefwurden: 
minister Ryksmonuminten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)