Soad brieven boek nije kening

18 mrt 2013 - 22:52

Der binne al hiel wat brieven, foto's en sels ferskes binnenkommen fan Flylanners foar in boek foar kening Willem-Alexander. Dat boek sil op 30 april oanbean wurde oan de kening.

Sa is der in eilânbewenner dy't skriuwt dat se as 4-jierrich famke keningin Emma sjoen hat en in banaan krige. Yn it boek wurdt ek in histoarysk oersjoch jûn fan de besites dy't de Oranjes allegearre oan Flylân brocht hawwe.

Der kinne noch hieltyd brieven, mar ek gedichten, foto's of skilderijen ynlevere wurde. Ek troch minsken dy't net op Flylân wenje mar hjir bygelyks in fakânsjehúske hawwe. Sa hawwe Robert ten Brink en Monique van der Ven ek tasein in bydrage te leverjen. Alles kin oant 29 maart ynlevere wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)