Jong Hearrenfean wint topper

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong SC Hearrenfean hat de topper yn de beloftekompetysje mei 1-0 wûn fan Jong FC Utrecht. Yn de útwedstriid sette Feanspits Mark Uth dy stân al yn de achtste minút op it skoareboerd. Jong Hearrenfean spile in goede earste helte en in mindere twadde, mar de alfde oerwinning koe fertsjinne byskreaun wurde.
Op de ranglist hat de ploech fan trainer Jan de Jonge no 35 punten út 14 wedstriden. Jong FC Grins is de nûmer twa mei 28 út 15, foar Jong Ajax mei 27 út 15 en Jong Utrecht mei 25 út 15.
Jong Hearrenfean spile ûnder oaren mei Brian Vandenbussche, Gianni Zuiverloon, Kenny Otigba, Arnold Kruiswijk, Marco Pappa en Lukas Marecek.