Rekôrtal oanmeldings Popronde

Popronde Ljouwert © Omrop Fryslân
Foar de Popronde 2013 binne in rekôrtal oanmeldings binnenkommen. Goed tûzen bands út hiel Nederlân hawwe harren opjûn. De organisaasje sil dêr yn maaie de hûndert meast talintfolle bands út selekteare, dy't dan op toer gean troch hiel Nederlân.
Doel fan de Popronde is dat nije muzikanten ûnderfining opdogge yn it optreden en mear bekendheid krije. Fan septimber oant desimber trede de bands op yn tritich stêden, ek yn Ljouwert.