Muorrekleed FM ûntbleate

© Jeroen Musch
Yn it nije Fries Museum oan it Saailân yn Ljouwert is moandeitemiddei it keunstwurk fan Claudy Jongstra út Spannum offisjeel ûntbleate. It giet om in muorrekleed fan 21 meter lang en 6 meter heech. It hinget yn de grutte sintrale hal fan it museum.
Jongstra hat der mei in team fan tolve meiwurkers fjouwer jier oan wurke. De kleuren giel, blau en brún ferwize nei it sinneljocht en it Fryske lânskip. It muorrekleed is it earste keunstwurk dat yn de oanrin nei de iepening fan it nije museum yn septimber presintearre is.