Utkearing foar tillefoanseks

Telefoan © ANP
In Kollumer amtner fan útkearingsynstânsje UWV hat útkearingsjild oan in kliïnte jûn yn ruil foar tillefoanseks. Dat docht bliken út in saak by de rjochtbank yn Grins. It Iepenier Ministearje easke hjoed in selstraf fan 8 moanne, wêrfan 4 ûnder betingst, fanwege machtsmisbrûk. De 46-jierrige man út Kollum mei ek trije jier lang gjin amtner mear wêze, fynt justysje. It slachtoffer, dy't troch psychyske oarsaken net wurkje koe, woe de amtner moetsje, omdat hy har sykte-beoardieler wie.
De man regele ekstra taslaggen en liet de útkearing langer trochrinne yn ruil foar tolve kear tillefoanseks mei de frou. Ek stjoerde de man hûnderten mailtsjes mei persoanlike, seksueel tinte teksten nei de frou ta. De rjochter docht oer twa wike útspraak yn de saak.