Soargen oer Deutsche Bank

Fryske boeren dy't yn botsting kaam binne mei de Deutsche Bank hoopje dat de polityk yngripe sil. Dat sei Harm Wiegersma, foarsitter fan de regio Fryslân van it melkfeehâldersfakbûn, moandei op in gearkomste oer in konflikt tusken boeren en de Deutsche Bank tsjin PvdA-Keamerlid Jacques Monasch. De finansiering fan sa'n 3000 Nederlânske boeren, wêrûnder in grut tal út it Noarden, kaam by de Deutsche Bank terjochte nei de nasjonalisearring fan de ABN/AMRO. Mar de Deutsche Bank wol fan de agraryske poat ôf.
Klanten dy't minder as in miljoen oan lienings by de bank útstean hawwe, krije gjin nije krediten. As se by de bank wei wolle moatte se in grouwe boete betelje. De boeren kinne dêrtroch gjin kant op. Kommende woansdei is der in Keamerdebat oer kredytferskaffing. Neffens Monasch is de Deutsche Bank al wiisd op de soarchplicht rjochting de boeren.