8ste stakingsdei Prins Dokkum
By fangrailfabrikant Prins Dokkum wurdt moandei foar de achtste dei it wurk dellein . De wurknimmers binne it net iens mei it plan fan de direksje om de produksje oer te bringen nei it bûtenlân. De festiging yn Dokkum giet ein juny ticht en dêrmei krije 34 minsken dien. De ûndernimmingsried fan Prins Dokkum hat in negatyf advys útbrocht op de plannen om de produksje te ferpleatsen. Dat advys hat de direksje wer ôfwiisd en dêrop sil de ûndernimmingsried moandei wer in reaksje jaan.
Ek sil de ûndernimmingsried moandeitemiddei in gesprek ha mei boargemaaster Waanders fan Dongeradiel oer de gong fan saken by Prins.