Wer granaat fûn mei magneet

de fosforgranaat by Burdaard © Ben de Jager 112gr
Twa jonges ha sneintemiddei yn Burdaard mei help fan in magneet in saneamde fosforgranaat fûn yn de Dokkumer Ie by de brêge yn it doarp. It is de twadde kear yn in wike tiid dat mei help fan in magneet in eksplosyf fûn wurdt yn Fryslân. Foarige wike waard in granaat fûn yn de buert fan De Westereen. De granaat yn Burdaard is foarsichtich fan de magneet helle. Ferfolgens is de EOD, de Explosieven OpruimingsDienst ynskeakele. Dy hat it eksplosyf sneintejûn yn in stik greide ûntploffe litten.