Mear ynset Friezen foar Frysk

Friezen moatte har mear ynsette foar it Frysk. Dat is it boadskip fan de 74-jierrige Kees Kuipers, bestjoerder by It selskip foar de Fryske taal en skriftkennisse en by it Frysk amateurtoaniel. Neffens Kuipers dogge organisaasjes en ek de provinsje goed har bêst foar it Frysk. Mar mei de ynset fan de Friezen sels kin it wol better. Kuipers krige sneon in lintsje foar syn jierrenlange ynset as bestjoerder en foarfechter fan de Fryske taal. Achter de skermen foaral as skriuwer en as lobbyist.
Boargemaster Fred Crone fan Ljouwert rikte it lintsje út op 'e Tynje dêr't Kuipers by it Frysk amateurtoaniel aktyf is.