SWS pakt 3 punten yn slotfaze

17 mrt 2013 - 16:00

Snits Wyt Swart Boso Snits hat snein mei 4-3 wûn fan AFC Amsterdam. Op eigen fjild sette Thijs Goes de Snitsers nei in kertier op foarsprong. Fuort dêrnei wie AFC twa kear trefseker, wêrtroch de gasten út Amsterdam de klaaihokken opsochten mei in 1-2 foarsprong.

Nei rêst wreide AFC de marzje fierder út. Kevin Huitema brocht de spanning werom mei syn oanslutingstreffer, wêrnei't Thijs Goes mei syn twadde doelpunt it publyk op 'e banken krige. Djip yn blessueretiid besoarge Jonathan Gregoria de Snitsers de swierbefochten winst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)