Ljouwerter slacht rút stikken

17 mrt 2013 - 12:36

De plysje hat sneontejûn op it Hagedoornplein yn Ljouwert in 36-jierrige Ljouwerter oanholden foar fernieling fan in rút. De man ergere him oan lûden út de wenning fan syn ûnderbuorman en woe ferhaal helje. Yn syn lilkens sloech er mei de hân troch it rút fan de wenning. Hy rekke dêrby ferwûne.

De man waard oanholden en fuortdalik by de wenning fersoarge troch it ambulânsepersoniel. Op it plysjeburo waard proses-ferbaal tsjin him opmakke. In 22-jierrige Ljouwerter die oanjefte.

Trefwurden: 
Ljouwert rút
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)