Sieraden stellen yn Frjentsjer

17 mrt 2013 - 12:25

De plysje docht ûndersyk nei in ynbraak yn in hûs oan de Zevenhuizen yn Frjentsjer. De ynbraak fûn sneontejûn plak. De dieven kamen deryn troch in rút te fernielen. Ut it hûs waarden sieraden, jild en in laptop meinommen. In 64-jierrige ynwenner fan Frjentsjer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
ynbraak Frjentsjer
(advertinsje)