Tredde winst fuotbalfroulju

16 mrt 2013 - 16:22

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha sneon mei 4-3 wûn fan Club Brugge. Yn it Belgyske Brugge kaam de thúsploech op foarsprong troch in strafskop te fersulverjen. Vivianne Miedema sette de Feanster froulju dêrnei op likense hichte. Miedema spile mei 3 treffers in haadrol. Boppedat wie der in doelpunt fan Iris Achterhof, dy't gewoanwei yn aksje komt yn it belofteteam.

Lang liken de froulju fan Hearrenfean ôf te gean op in lykspul. Mar yn blessueretiid wie it Miedema dy't mei har tredde treffer har ploech de swierbefochten winst besoarge.

It is de tredde oerwinning op rige foar de fuotbalfroulju fan trainster Jessica Torny, dy't it paad yn de BeNe League nei boppen fûn hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)