De Laat pakt sulver yn Baselga

Itzhak de Laat © awfoto.nl
Shorttracker Itzhak de Laat hat freed op de earste dei fan de Europa Cup finale shorttrack foar junioaren yn Baselga it sulver pakt op de 1500 meter. It goud gong nei de Rus Aleksandr Koval. Op deselde ôfstân wie der ek sulver foar ploechgenoat Leon Bloemhof fan Sint Jabik, dy't twadde waard by de B-junioaren.
By de froulju pakte Aafke Soet fan It Hearrenfean brûns op 1500 meter by de C-junioaren.