Eigen oplieding by SKS en IFKS

16 mrt 2013 - 12:56

De skûtsjeklups SKS en IFKS begjinne in eigen oplieding. Dy is bedoeld om jongeren yn oanrekking te bringen mei it skûtsjesilen. Se krije les yn twa groepen. Foar de jongste groep is der earst in teoryles yn it skûtsjemuseum yn Earnewâld en dêrnei gean se te farren. De âldste groep krijt sylles op in skûtsje.

Oant no ta binne it benammen jongeren út skippersfamyljes dy't belangstelling hawwe foar skûtsjesilen, de oplieding moat dêr in bredere groep jongeren fan meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)