Goaiïngaryp wol skoalle hâlde

16 mrt 2013 - 12:28

Ynwenners fan Goaiïngaryp wolle dat har mienskipsromte iepenbliuwt. Dy sit yn basisskoalle It Slúske yn it doarp. Dy skoalle waard earder al sletten, mar it gebou wurdt noch wol brûkt troch it doarp. De gemeente Skarsterlân wol no de skoalle ferkeapje. De ynwenners soene dan nei it nij te bouwen multyfunksjoneel sintrum yn Terkaple kinne. Dy ynwenners fine dat te fier fuort. Boppedat binne se benaud dat se jild yn it multyfunksjoneel sintrum stekke moatte, wylst se dat jild net hawwe.

Trefwurden: 
skoalle Goaiïngaryp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)