Plysje siket ynfo oer ynbraak

Plysje-embleem © ANP
De plysje is op syk nei ynformaasje oer in ynbraak yn in hûs oan de Jan Piebengastrjitte yn Frjentsjer. Unbekenden brutsen dêr yn, tusken tongersdeitejûn en freedtemoarn. Dat wie op in momint dat de bewenners net thús wienen. De dieders koene it hûs ynkomme troch ruten iepen te brekken. De plysje siket minsken dy't wat sjoen hawwe fan de ynbraak of dy't de ôfrûne wiken wat fertochtst sjoen hawwe by it hûs. Wat der meinaam is, is net bekend.