'Dros moat útlis jaan'

15 mrt 2013 - 21:18

De Fryske boargemasters wolle persoanlik fan noardlik plysjesjef Oscar Dros hearre, oft hy no wol klear is op kalamiteiten as de Project-X-rellen yn Haren. Tiisdei stapte boargemaster Rob Bats fan Haren op, nei in kritysk rapport fan de kommisje Cohen, dy't de ynset fan de gemeente en de plysje by de rellen ûndersocht. Noardlik plysjesjef Dros is oant no ta wol sitten bleaun.

Freed hawwe alle boargemasters de earste konklúzjes fan it rapport Cohen bepraat en útsprutsen dat de plysjesjef takom moanne útlis jaan moat.

Boargemaster Crone fan Ljouwert seit dat hy wis wêze wol dat Oscar Dros ferbetterings trochfierd hat by de plysje. De kommisje Cohen trunet der yn it rapport ek op oan dat boargemasters de prosedueres om kalamiteiten hinne, nochris goed tsjin it ljocht hâlde.

(advertinsje)