Brêge Wâldsein fernijd

15 mrt 2013 - 19:17

Der wurdt grut ûnderhâld dien oan de Hellingbrêge yn Wâldsein. Takom moandei wurdt it komplete brêgedek ferfongen. It nije dek wurdt dit wykein oer it wetter nei Wâldsein brocht. It brêgedek wurdt pleatst mei in 200 tons kraan op in ponton.

It wurk moat foar de start fan it farseizoen klear wêze. Der wurdt besocht om de oerlêst safolle mooglik te beheinen. De omliedingsrûtes wurde oanjûn. Ek busline 45/47 wurdt omlaat, der is in tydlike halte oan de rûnwei fan Wâldsein.

Trefwurden: 
brêge fernijd
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)