Klacht Doutzen Kroes ôfwiisd

15 mrt 2013 - 17:41

De klacht dy't Doutzen Kroes yntsjinne hat by de Ried foar de Sjoernalistyk tsjin Nieuwe Revu is 'ongegrond' ferklearre. It wykblêd hie in foto fan har op de foarside mei de fraach, 'Wie wordt de nieuwe Doutzen?' Neffens Doutzen hie har foto dêr net foar brûkt wurde mocht. Dat omdat it artikel net oer har gie en negatyf wie oer modellewurk.

De klacht is ûnbegrûne om't Doutzen op it stuit in gesicht is fan Nederlânske topmodellen en dêrom by it artikel past. Neffens de Ried foar de Sjoernalistyk is net ûnsoarchfâldich hannele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)