Nije skoalle Akkrum iepene

Yn Akkrum is freed de nije brede skoalle offisjeel iepene. Yn it gebou oan de Stringen yn it doarp sit njonken de kristlike en iepenbiere skoalle ek de berne-opfang. De iepening is fan grut belang foar it doarp. De âlde gebouwen wiene net mear by de tiid en hiene efterstallich ûnderhâld.
Sa'n 15 jier is der praat oer de bou fan de skoallen. Troch de finansjele problemen fan de gemeente Boarnsterhim slagge it jierrenlang net om de plannen rûn te krijen.