NLP wol ôf fan wethâlder Diks

De Nieuwe Leeuwarder Partij (NLP) wol ôf fan wethâlder Isabelle Diks (PAL). Yn de riedsgearkomste fan 25 maart wolle se prate oer de posysje fan Diks. De partij is min te sprekken oer de wize werop Diks omgiet mei de boargers fan Ljouwert. By de útfiering fan belied soe se te faak ferjitte om maatregels mei bewenners te oerlizzen.
Sa soe se neffens de NLP in nije proef mei ôffalskieding yn Suderbuorren net bepraat hawwe mei it wykpennel, wylst dat wol ôfpraat wie mei de gemeenteried. De NLP wol dat Diks no útleit hoe't dat sit.
As dy útlis net nei't sin is, dan komt de NLP mei in moasje fan wantrouwen. Isabelle Diks lit yn in reaksje witte neat fan de krityk te begripen. Neffens har kloppet der neat fan wat de NLP beweart en is de gemeente drok yn petear mei it wykpennel oer it ôffalprojekt.