Drokte troch 'Koningsspelen'

15 mrt 2013 - 12:45

De Koningsspelen fan 26 april soargje foar in soad ekstra drokte foar Fryske basisskoallen. Dat seit de PO-ried yn Fryslân. It doel is dat yn hiel Nederlân op 26 april in sportdei hâlden wurdt, fanwege it feit dat prins Willem Alexander dit jier kening wurdt.

It probleem is allinnich dat basisskoallen dit hiel let hearden en dat soarget foar swierrichheden. Basisskoallen moatte hjir op it lêst noch fan alles foar organisearje en dat falt net ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)