'Brûk NUON-jild foar gemaal'

15 mrt 2013 - 11:50

Wetterskip Fryslân freget de provinsje om in nij gemaal oan de Waadkust te beteljen mei NUON-jilden. Dykgraaf Paul van Erkelens hat dêroer in brief stjoerd oan it kolleezje fan deputearre steaten. De provinsje wol op koarte termyn 300 miljoen euro út de NUON-opbringsten yn de Fryske ekonomy stekke. De provinsje presintearre dat plan yn it Woudagemaal en dat brocht it wetterskip op in idee.

It wetterskip wol in nij gemaal oan de Waadkust by Holwert. Dat nije gemaal soe, lykas it Woudagemaal, in 'ikoan' wurde moatte, sa seit de dykgraaf.

(advertinsje)
(advertinsje)