Ynbrekker betrape yn Ljouwert

15 mrt 2013 - 10:51

Plysjeminsken hawwe tongersdeitenacht in 48-jierrige man betrape by in ynbraak. De plysjes hearden op har ronde glêsgerinkel yn de omkriten fan de Speelmanstrjitte yn Ljouwert.

Doe't se dêr op ôfgiene, seagen se de man stean by in stikken rút. Se hawwe him meinaam foar fierder ûndersyk.

(advertinsje)