Lauswolt net 'de skjinste'

Bilderberg Hotel Lauswolt yn Beetstersweach is net it skjinste hotel fan Nederlân. Dy eare gie tongersdeitejûn nei in hotel yn Amsterdam. Lauswolt hearde by de seis kandidaten dy't foar de titel yn 'e beneaming kamen, yn totaal joegen 25 hotels har op foar de wedstryd. Dy waard hâlden om omtinken te jaan oan it wurk fan it húshâldlik personiel fan in hotel.
By de takenning waard sjoen nei it oardiel fan in sjuery en reaksjes fan de gasten fan in hotel. De titel jildt foar twa jier.