Ferlies bussepoat VDL Groep

Busbouwer VDL op It Hearrenfean
De busdivyzje fan de VDL Groep, mei ek in festiging op It Hearrenfean, hat ferline jier mei ferlies draaid. De omset gie wol omheech, mar dat koe toch net omset wurde yn winst. Dat komt foaral trochdat der minder oarders wiene, troch de grutte konkurrinsje yn Europa. VDL moat dit jier besparje yn de busdivyzje, mar dat hat foarearst noch gjin gefolgen foar de festiging op It Hearrenfean. Dêr is noch genôch wurk foar de 180 personielsleden.