Soarch oer tichte diken Snits

14 mrt 2013 - 19:44

Undernimmers yn it sintrum fan Snits en op bedriuweterein De Hemmen binne min te sprekken oer de plannen om de grutte rotonde op it bedriuweterein in hiel wykein ôf te sluten foar it ferkear. Troch de ôfsluting yn it twadde wykein fan april is in tal bedriuwen op De Hemmen net berikber. It giet ûnder oare om de boumerken Karwei en Praxis. Boppedat is de rotonde in wichtige ferbining tusken it sintrum en de A7.

De rotonde wurdt ôfsletten om't der in twadde rydstrook omhinne komt.

Omdat tagelyk mei dizze wurksumheden ek in oare tagongsdyk nei it sintrum dan noch ticht is, binne ûndernimmers yn it sintrum benaud dat it ek harren klanten kostje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)