Utfeart Tsjêbbe Hettinga

14 mrt 2013 - 17:51

Hûnderten minsken ha tongersdei yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert ôfskied naam fan dichter Tsjêbbe Hettinga. Hettinga wie al in skoft slim siik en ferstoar ferline wike op 64-jierrige leeftiid. De dichter krige foar syn wurk talleaze prizen, sa as yn 2001 de Gysbert Japicxpriis foar de bondel 'Fan oer see en fierder'. Ek wûn hy trije kear de Rely Jorritsmapriis.

Hettinga syn wurk is oerset yn it Hollânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk en Spaansk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)