Frachtwein op fangrail om kat

14 mrt 2013 - 16:03

In ynwenner fan Menaam is tongersdeitemoarn mei syn frachtwein klem kommen te sitten op de fangrail fan de rûnwei fan Snits. De man besocht út te wiken foar in oerstekkende kat. Hy rekke dêrby yn de berm en ried dêrnei oer de fangrail hinne.

Nei sa'n fyftich meter kaam er stil te stean. De frachtwein moast dêrnei fuortsleept wurde. Dêrfoar waard de rjochterrydstrook in skoftlang ôfsletten. Yn dy tiid waard ek de fangrail makke.

Trefwurden: 
ûngelok kat fangrail
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)