Mear ûndersyk nei dea Snitser

14 mrt 2013 - 14:25

Der komt neier ûndersyk nei de dea fan in 28-jierrige man út Snits. Hy waard ferline wike fûn yn in hûs oan de Parkstrjitte yn syn wenplak. De plysje sil it hûs nochris ûndersykje en docht ek nij ûndersyk yn de omjouwing. Fierder wurdt in passante-ûndersyk hâlden. Dêrby wurdt foarbygongers om ynformaasje frege. Fierder wol de plysje graach dat tsjûgen mei wa't noch net praat is har melde.

De plysje fertinkt in 26-jierrige Snitser fan belutsenheid by de dea fan syn stedsgenoat. Hy bliuwt de kommende dagen noch fêstsitten.

Trefwurden: 
ûndersyk Parkstrjitte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)