Stien is oarsaak fan wetterlek
De breuk yn in wetterlieding oan de Planetenleane yn Ljouwert is wierskynlik feroarsake troch in stien. Dy kaam tsjin de lieding oan trochdat de grûn altyd yn beweging is. Yn seldsume gefallen kin sa'n lieding dan tsjin in stien oankomme en brekke. Troch de breuk sieten tiisdeitejûn mear as 45.000 húshâldings yn Ljouwert en omkriten sûnder drinkwetter.
Vitens is yntusken drok dwaande mei it meitsjen fan de lieding. Elkenien hie tiisdei nei in oantal oeren wer wetter.