Krityk op opfang Tunen nimt ta

14 mrt 2013 - 12:53

De krityk op de plannen foar útwreiding fan de deiopfang yn Ljouwert groeit. Ek de dakleazen dy't alle dagen gebrûk meitsje fan de deiopfang oan De Tunen binne der poer op tsjin. De gemeente Ljouwert wol de deiopfang oan De Tunen útwreidzje en sa ek plak meitsje foar drugsferslaafden. In soad dakleazen ha in drugsferline en besykje fan de drugs ôf te bliuwen. Troch de komst fan ferslaafden is de kâns op weromfal grut.

Omwenners en ûndernimmers lieten earder al witte tsjin de plannen te wêzen. Se binne benaud foar oerlêst.

De gemeente wol beide groepen by elkoar bringe sadat de lokaasje oan de Sudergrêftswâl ticht kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)