Wurdumer bern liede skoalbel

14 mrt 2013 - 12:05

Yn Wurdum lutsen de bern fan 'e Uniaskoalle tongersdeitemoarn in minút lang oan de bel. Dêrmei fregen se omtinken foar bern yn ûntwikkelingslannen dy't net nei skoalle kinne.

It is in aksje fan it Lilianefûns. Per skoalle krijt it fûns 250 euro.
Alve skoallen út Fryslân dogge mei oan de aksje. Oer it hiele lân dogge der hast 350 skoallen mei.

Trefwurden: 
skoalbel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)