Drankrider makket brokken

14 mrt 2013 - 10:49

In 39-jierrige Makkumer hat woansdeitemiddei mei drank op in ûngelok feroarsake. Op de Kimswerterwei yn Harns ried hy achterop de auto fan in 42-jierrige Snitser. De Makkumer besocht út te naaien, mar de Snitser helle him yn en ried him klem.

Plysjeminsken hiene de yndruk dat de man drank op hie. Ut in blaastest die dat ek blyken. De plysje hat syn rydbewiis yn beslach naam.

Trefwurden: 
drankrider
(advertinsje)