Bysûndere ynskripsje Aldtsjerk
Op it tsjerkhôf fan Aldtsjerk wurdt moandei in ynskripsje ûntbleate op de grêfstien fan de grûnlizzer fan it Rauwerda-Westra fûns, Pieter Enzo Rauwerda. By libben wie hy dokter yn Grins.
Nei syn ferstjerren yn 2009 waard út syn testamint dúdlik dat hy in flink kapitaal neilitten hie om jongeren studearje te litten oan it MBO, HBO of universiteit. Ut tankberens dêrfoar hat it bestjoer fan de stichting achter it fûns no in ekstra tekst op de grêfstien sette litten.
Yntusken binne der al fiif learlingen út Tytsjerksteradiel dy't studearre hawwe mei help fan in bydrage út it fûns. De bestjoersleden sille de tekst moandei sels ûntbleatsje.