Grutte botsing by Goutum

14 mrt 2013 - 08:33

Op de Hindrik Algrawei by Goutum binne tongersdeitemoarn fjouwer auto's en in frachtwein mei-inoar yn botsing kaam. Dêrby binne twa minsken ferwûne rekke. De dyk is sletten tusken Goutum en de rotonde nei it yndustryterrein.

Der is in omliedingsrûte ynsteld, mar ferkear moat rekken hâlde mei flinke fertraging, omdat it ferkear yntusken fêstrint. De tadracht fan it ûngelok is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
ûngelok file oanriding Goutum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)