Winter kostet transport jild

De oerlêst troch it winterwaar yn Noard-Frankryk kostet de Fryske transportsektor tsientûzenen euro's. Ferskate Fryske sjauffeurs kamen yn de ôfrûne dagen fêst te sitten yn de snie tusken Lille en Parys. In frachtauto dy't in dei stilstiet kostet al gau tûzen euro. Ien fan de bedriuwen dy't troffen is, is Brant Visser fan It Hearrenfean. Woansdei oan de ein fan de dei wiene njoggen fan syn frachtauto's ûnderweis yn Noard-Frankryk. De measten besochten België te berikken troch om te riden .
Ien sjauffeur stiet al sûnt tiisdeitemoarn fêst. It bedriuw fan It Hearrenfean rûst de skea op fiif- oant tsientûzen euro.