Fries Museum siket winkellju

13 mrt 2013 - 18:11

It Fries Museum siket ûndernimmers dy't it sitten sjogge om in kadowinkel te begjinnen yn it museum. Yn de hal fan it nije museum oan it Saailân is romte frijhâlden foar sa'n winkel. Betingst is dat dy winkel goed past by de aktiviteiten yn it nije gebou. Dat is net allinnich it Fries Museum, mar ek it Fersetsmuseum en it Filmhûs. Der wurdt dêrom tocht oan in winkel mei kado's of Fryske produkten. Gadingmakkers foar de winkel moatte har foar 15 april melde by it museum. Doel is dat it nije museum yn septimber iepen giet foar publyk.

Trefwurden: 
Fries Museum winkel Saailân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)