Sykaksje op De Jouwer

13 mrt 2013 - 17:45

Op De Jouwer hat woansdeitemiddei in grutte sykaksje west, omdat der in jonkje fan fjouwer jier fermist waard. Dat wie by de Lege Ikkers, by it túnsintrum. De plysje skeakele burgernet yn en der waard ek in traumahelikopter oproppen. Boppedat waard út foarsoarch de brânwacht ynskeakele, omdat de eangst bestie dat it jonkje yn it wetter bedarre wie. Uteinlik kaam it jonkje sels werom by syn âlden en koe de sykaksje wer ôfsein wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)