Hellingbaanflats wurde sloopt

13 mrt 2013 - 14:55

De saneamde hellingbaanflats yn de Ljouwerter wenwyk Skieringen-Súd wurdt sloopt. Dat beslút hat wenningkorporaasje Elkien naam nei oerlis mei de gemeente Ljouwert. It plan wie earst om de 234 flatwenten te renovearjen, mar sloop en nijbou is neffens Elkien better. Sa binne nije wenningen duorsumer en de enerzjylêsten leger.

Nije wike hâldt Elkien foar bewenners in ynformaasjejûn oer de sloop- en nijbouplannen. De hellingbaanflats binne boud yn de jierren fyftich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)