Lûdsoerlêst yn Akkrum

13 mrt 2013 - 10:33

In Akkrumer is yn de nacht fan tiisdei op woansdei syn lûdsynstallaasje kwytrekke om't de plysje dy yn beslach naam. Buertbewenners hiene klage oer te lûde muzyk. De plysje gie doe by de 48-jierrige man del. Hy hie wol faker foar lûdsoerlêst soarge. Dêrom naam de plysje de muzykynstallaasje mei. De Akkrumer krige boppedat in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Akkrum te lûd
(advertinsje)
(advertinsje)