Soargen yn Tsjummearrum

Grutte soargen yn Tsjummearum oer it fuortbestean fan soarchsintrum Nij Bethanië. Sa'n 300 minsken kamen tiisdei ôf op in ynformaasjejûn - bewenners, famyljeleden en ynwenners fan it doarp, mar ek riedsleden fan de gemeente Frjentsjerteradiel en fertsjintwurdigers fan de wenningstifting Noardwest-Fryslân. Der binne nijbouplannen foar Nij Bethanië, mar fanwege it regearingsbelied om te besunigjen op fersoargingshuzen stean dy no faai. De kâns bestiet dat Nij Bethanië ticht moat.
It hûs hat 60 bewenners en der wurkje 80 minsken. Foar it doarp soe it in grut ferlies betsjutte.