Wetterprobleem oplost

12 mrt 2013 - 21:59

45 tûzen húshâldings yn Ljouwert hawwe tiisdeitejûn lang sûnder wetter sitten. Oarsaak wie in breuk yn in transportlieding tusken Burgum en Ljouwert. It duorre oeren foardat de breuk oan de Planetenlaan op bedriuweterrein de Hemrik yn Ljouwert fûn waard. Yntusken hawwe meiwurkers fan Vitens it lek tichtmakke. De wetterdruk kaam stadichoan wer op peil.

(advertinsje)
(advertinsje)