Unfrede sponsors nimt ta

12 mrt 2013 - 15:57

De ûnfrede by sponsors fan Sportklup Hearrenfean nimt ta. Neffens sponsor Paul Olijve fan De Haan Westerhof hawwe tsientallen sponsors har by him melden. Earder melde Omrop Fryslân al dat it tal sponsors werom rûn fan 1100 nei ûnder de 700. Op de webside fan Hearrenfean stiet de teller no op 663 sponsors, mar neffens Hearrenfean is dat it oantal dat yn de bedriuwegids stiet en leit it echte oantal noch op 900.

Ut in belronde docht bliken dat der tal fan sponsors ûntefreden binne oer de gong fan saken. Dy ûnfrede hat benammen te krijen mei de kollum yn de 'Corner' fan Albert van Keimpema. Twa sponsors dy't wol wat sizze wolle binne shirtsponsor Jako en supplier Friesland Lease.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)