Klussende susters Sionsberg

12 mrt 2013 - 15:11

Meiwurkers fan de Sionsberg yn Dokkum sille dielen fan it sikehûs skilderje. It inisjatyf foar de klusdei op 6 april komt fan de meiwurkers sels. Se wolle nei alle negative berjochten wer wat posityfs dwaan foar it sikehûs. It treppehûs by de entree fan it sikehûs wurdt yn elts gefal skildere.

De meiwurkers krije in soad reaksjes op harren inisjatyf. Se geane der fan út dat ek medyske stêf en direksje meidwaan sille oan de aksje. Ek guon meiwurkers fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hawwe al oanjûn dat se wol helpe wolle.

It sikehûs siket fierder noch sponsors foar ferve en kwasten.

Trefwurden: 
susters klussen De Sionsberg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)