Wa makket in Fryske pangram?

12 mrt 2013 - 14:49

It Nordfriisk Insitituut ropt elkenien op om in Fryske fariant te betinken op de sin "The quick brown fox jumps over the lazy dog". Dit is in saneamd pangram en dêr sitte alle letters fan it alfabet yn. Om't de letters x en q net brûkt wurde yn de Fryske satbering hoege dy net brûkt te wurden.

In goed pangram is koart, heart natuerlik is maklik te ûnthâlden. De pangrams moatte foar 31 maaie ynlevere wurde by it Nordfriisk Instituut, in sjuery siket dêrnei it moaiste pangram út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)